Lokkich nijjier (2012)

Guon minsken dy’t tinke dat hiel Nes hjir yn de brân stiet, hawwe it mis. Dit is de tradysjonele bult dy’t elts jier op 1 jannewaris efkes nei tolven yn de fik giet. Miskien is it wol de lêste bult, want de grutte krêft efter dizze bult, docht it ankom jier net wer. Wy moatte it mar ris ôfwachtsje. En oars wurde de foto’s van de hear B.M. te Nes miskyn wol rôversguod. Mei tank B.!

Eltsenien in lokkich 2012 tawinske!

Aldjiersdei 2011

De lêste dei fan it jier 2011. Wol in dei om efkes by stil te stean. Wat it webloggen oanbelanget, wie it sûnt augustus in jier fan neat. It begjint der no wat op de lykjen mar it is noch lang net sa at it wie. Der binne aardich wat bloggers dy’t de piip oan Maarten jûn hawwe en op in oar plak fierder gien binne mei it bloggen. Mei yngong fan 2012 sil ik besykje sa út en troch in stikje te skriuwen, lykas jim wend wienen fan my.

Alle lêzers winskje ik in noflike âldjiersjûn en oant 2012!

Nochris

It sjit al moai wer op rjochting it nije jier. Noch efkes wat krystkaarten fuortstjoere, wat aksjes útsette wat in pear jierdeis onbelanget en dan……… twa wiken fakânsje, krystfakânsje neame se it. Net sa gek, wurkje yn it ûnderwiis. Yn elts gefal om de safolle wiken in skoftsje frij.

De earste kear…..

Ik sil ris besykje in stikje te skriuwen no’t ik fia in oare wei ‘ynlogd’ bin. It is hjoed sneon 26 novimber 2011 en it waait in heale orkaan.

Wy binne los

Nei al dat reinwetter fan de lêste tiid, hjoed in moaie sinnige (en droege) dei. En fuortendaliks drokte yn it fjild. Der is al in roaier signalearre, mar net by ús. Wy binne fan start gien mei it terskjen fan it koarn. Dit jier foar it earst net mei ús eigen kombine, mar mei dy fan de leanwurker (efkes reklame meitsje: De Graaf út Wierum). Us kombine 'draait' yn Poalen.

IMG_5842 web 

Sokjes foar Алёна (Alena)

IMG_5777 web Doe't it yn it wykein fan dat hjerstige waar wie, koe ik moai efkes wat op priemmen sette. Yn Doslidnitske wennet in famke mei de namme Алёна dat yn augustus 2 jier wurdt. Auke is 10 dagen op fakânsje nei syn stage-adres fan 2 jier lyn yn de Oekraïne. Алёна kin de sokjes moai oan hawwe yn har Fryske klompkes dy't se fan A. krijt.

Agraryske promoasje

Sûnt begjin july is de Tour de France fan start gien en de dielnimmers fytse harren wer út de naden. Doe't se yn it midden fan Frankryk wienen (distrikt 44) kamen se in stik agryske promoasje tsjin dat klinkt as in klok: klik hjirre. It is de muoite wurdich om it filmke in pear kear te besjen.

“Geld maakt niet gelukkig, chocola wel……”

Der binne fan dy dagen op myn wurk dat der ynienen moaie tema's opdûke. Sa sieten wy  hjoed ûnder de kofje fan alderhearlykste pure sûkelarje te snobjen en ûnderwylst hienen wy it oer miljonairs. (In kombinaasje dy't alhier foar de hân leit….;-). En fansels hienen wy it oer de minsken dy't by ús gebou lâns driuwe yn hiele grutte skippen. Wy meie graach wat filosofearje ûnder de kofje. De iene kin it dan noch sterker fertelle as de oare.
De kollega dy't op de sûkelarje traktearre sei dat it biologyske sûkelarje wie. Hy hie gjin idee hoe't dat dan wurke mei sûkelarje en biologysk. Ik tocht dat ik wist hoe't it ynelkoar stekt. Blykber ha ik in oannimlik ferhaal ferteld, want hy knikte wakker fan 'o ja'.
Oan it ein fan it skoft koenen wy mar ta ien konklúzje komme: "Jild makket net lokkich, sûkelarje wol".

Nea wer strippenkaart yn Fryslân

IMG_5741 web

Sûnt hjoed kin der yn Fryslân gjin gebrûk mear makke wurde fan de saneamde strippenkaart. Nei in hiel protte gedoch oer wol/gjin strippenkaart is it dan safier: reizgje mei de bus op in strippenkaart kin net mear. De Nationale Strippenkaart wie yn gebrûk sûnt 8 maaie 1980. Ferhip, dat is al mear dan 30 jier.
Minsken dy't per jier trije kear of minder mei de bus reizgje, kinne in kaartsje keapje yn de bus. Dat is goed nijs foar my……..
Minsken dy't harren faker dan trije kear per jier mei in bus ferfiere litte, meitsje gebrûk fan de 'OV-chipkaart' en yn it Frysk sil it dan in IF-sjipkaart wêze.
De provinsje rôp de minsken op, de strippenkaart op te meitsjen. By dizze slagget dat net mear; de kaart komt yn it bakje 'eartiids'.